Grien ljocht foar Tichelaar

20 mrt 2009 - 14:30

Jacques Tichelaar fan Oranjewâld wurdt definityf de nije kommissaris fan de Keninginne yn Drinte. It kabinet is freed akkoart gien mei syn beneaming.

Tichelaar (56) wie oant april ferline jier fraksjefoarsitter fan ´e PvdA yn de Twadde Keamer. Fanwege hertproblemen moast er dy funksje dellizze. Ferline wike woansdei waard er troch de fertrouwenskommisje fan Provinsjale Steaten yn Drinte foardroegen as kommissaris fan de Keninginne. Dy wie unanym yn syn kar.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)