SC Cambuur wol Türk oanlûke

© Omrop Fryslân
Sportklup_Cambuur wol Oguzhan_Türk oanlûke. De middenfjilder wurdt op dit stuit troch SC Hearrenfean ferhierd oan Go Ahead Eagles. Dêr spile hy de ôfrûne twa jier. It kontrakt fan Türk by Hearrenfean rint nei dit seizoen ôf en hy is dus transferfrij.
Neffens direkteur Alex Pama is keeper Boy Waterman in ynteressante opsje as ferfanger fan Peter van der Vlag. Waterman hat lykwols noch neat fan de Ljouwerters heard.