Van der Duim yn kwartfinale

20 mrt 2009 - 12:28

Antal van der Duim hat de kwartfinale helle fan it futuretoernoai yn it Portugeeske Albufeira. De 21-jierrige ynwenner fan Finkegea wûn tongersdei mei 6-2 en 6-3 fan de Nederlanner Thomas Schoorel.

Van der Duim komt werom fan in blessuere en spilet foar it earst wer in ynternasjonaal toernoai. Hy komt yn de kwartfinale de Switser Sessagesimi tsjin. Ek Raemon Sluiter helle de kwartfinale. It toernoai duorret noch oant en mei snein

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)