Snits pakt in punt tsjin WKE

20 mrt 2009 - 12:15

Sneinshaadklasser Snits Wyt Swart hat tongersdeitejûn in punt pakt by koprinner WKE. De wedstriid einige lykas er begûn yn 0-0. Dat wurdt troch de Snitsers sjoen as in bonuspunt. It wie alwer it fjirde lykspul op rige foar de ploech fan trainer Inne Schotanus.

De Snitsers stean yn de middenmoat op it achtste plak mei 23 punten út 18 spile wedstriden. WKE bliuwt koprinner.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)