IFKS wurdt stranger

20 mrt 2009 - 11:45

It is fan dit jier ôf dien mei de frijbliuwende wize wêrop´t skippers en organisaasje by it IFKS-skûtsjesilen mei de regels omspringe. Dat is de ferwachting fan in tal skippers.

De IFKS-skippers binne no oansletten by it wettersportbûn. Dy is yn ´e regel stranger en profesjoneler as de IFKS sels wie. Dy feroaring sil fan ´t simmer foaral te fernimmen wêze yn de protestkeamer en de wedstriidlieding, sa ferwachtsje de skippers.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)