Den Oudsten ried troch read

Den Oudsten riedt tsjin dizze peal....
Boargemaster Den_Oudsten fan Enschede, âld-wethâlder fan Ljouwert, is yn augustus 2008 yn Enschede dochs troch read riden. Dêrnei ried er tsjin in beweechbere peal. Earder ûntkende Den Oudsten dat er troch read riden hie.
Twa tsjûgen joegen him dêr gelyk yn, mar in tredde hâlde fol dat de boargemaster it reade ljocht negeard hie. Ut logboekgegevens fan ´e peal hat bliken dien dat it ljocht wol deeglik op read stie. Den Oudsten hat yntusken tajûn dat er fout siet.