22 nije tips yn saak-Vaatstra

20 mrt 2009 - 10:59
  • Ien fan 'e komposysjetekeningen dy't makke waard op oanwizings fan in paragnost

De plysje hat nei oanlieding fan tv-programma Het Zesde Zintuig 22 tips krigen oer de moard op Marianne Vaatstra. Yn dat programma fan tongersdei bûgden ferskate paragnosten har oer de moard. Nei oanlieding fan bylden fan ien paragnost binne komposysjetekenings makke fan de mooglike dieder of dieders.

Justysje beskôget de waarnimmings fan de paragnosten as tips en sil der mei oan de slach. Marianne Vaatstra waard yn 1999 fermoarde by Feankleaster.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)