Keuring Frysk kostúm

19 mrt 2009 - 20:59

De Kostúmkommisje Fryslân hat tongersdei yn de Kuriostsjerke yn Ljouwert selsmakke Fryske kostúms keurd. Kostúms dy't foldogge oan de easken fan de kommisje krije in sertifikaat. Der wurdt dan ûnder oare sjoen oft der gjin syntetyske stoffen yn de kostúms ferwurke binne.

De keuring is ûnderdiel fan de foarljochtingsmiddei fan de kostúmkommisje. Dy wurdt ien kear yn de twa jier hâlden. Neist de keuring is dêr ek ynformaasje te krijen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)