Kattepleach op 'e Lemmer

19 mrt 2009 - 17:17

Rekreaasjepark Iselmar op De Lemmer hat te krijen mei in wiere kattepleach. Bewenners fan it terrein litte hieltyd mear smoargens efter en dat lûkt wylde katten oan. De gemeente Lemsterlân hat dêrom de Dierenbescherming ynskeakele.

In ynspekteur besiket de tsientallen katten te fangen en dêrnei te sterilisearjen. Want de nekke omdraaie is foar harren gjin opsje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)