Studinten ûntwerpe iishal

19 mrt 2009 - 17:11

24 oeren lang ha studinten boukunde fan de universiteiten fan Eindhoven en Delft op It Hearrefean dwaande west mei in nij ûntwerp foar iishal Thialf. It is al de tsiende kear dat it 24UP projekt organiseare wurdt. Studinten kinne sa oefenje mei de praktyk.

It is lykwols net samar wer in wedstriid. It Thialf projekt kin foar de studinten mooglik noch in sturtsje krije. Der wurdt nammentlik sjoen as de ûntwerpen brûkt wurde kinne foar in definityf nij plan foar de iishal.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)