15 finalisten foar SjONG

19 mrt 2009 - 16:30

De sjuery fan SjONG, it sjongfestival foar jongeren, hat 15 nûmers selektearre foar de finale yn Dokkum op 18 april. De finalisten waarden útsocht út 45 optredens dy't de ôfrûne trije dagen jûn waarden yn it gebou fan Omrop Fryslân.

Neffens de sjuery wie de kwaliteit fan dy optredens heger as ferline jier en wie it dêrtroch dreech om 15 út te sykjen. De sjuery bestie út sjongeres Minke Adema en rapper Remon de Jong.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)