Earste peal ôffaloven slein

19 mrt 2009 - 16:27

Yn Harns is tongersdei de earste peal slein foar de bou fan de Reststoffen Enerzjy Sintrale. In dei neidat de Raad van State de beswieren tsjin de miljeufergunning fan tafel fage koe dus al in start makke wurde.

Tsjin de boufergunning dy't Harns tongersdei útjoech is daliks beswier oantekene troch de Waadferiening en de St. Afvaloven Nee. Omrin is bliid dat nei de lange prosedueres lang om let in start makke is. Begjin 2011 moat de ôffaloven klear wêze foar gebrûk.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)