Vandenbussche licht blesseard

Vandenbussche mooglik ferfongen troch Vonk
Brian Vandenbussche is op de training fan Hearrenfean licht blesseard rekke. It giet om in búkspierferrekking. De wedstriid freed tsjin De Graafschap komt wierskynlik te gau foar him.
Geert Arend Roorda sil moandei foar it earst sûnt syn blessuere wer in wedstriid spylje. Hy sil dan meidwaan by de beloften, dy't it opnimme tsjin Jong Feyenoord. André Hanssen like wer werom te kommen, mar hy gie op de training troch it ankel. Syn herstel sil inkele wiken duorje.