Cambuur folslein tsjin AGOVV

19 mrt 2009 - 13:57

Sportklup_Cambuur kin freed yn de wedstriid tsjin AGOVV beskikke oer in sa goed as folsleine seleksje. Allinnich Erik Wegh, Randy Rustenberg en Marc Mboua binne der troch blessueres net by.

Sandor van der Heide en Danny Guijt komme wer werom fan in skorsing. Hoe't Stanley Menzo spylje sil tsjin AGOVV is noch net dúdlik. Dêr woe de trainer noch neat oer sizze. De wedstriid tsjin AGOVV is de earste fan de sechde en lêste perioade.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)