Fjoerwapens oanbean fia faks

19 mrt 2009 - 12:05
  • De faks mei it wapenoanbod

Keukenferkeaper Cor Marinus út Aldegea (Sm) hat oanjefte dien tsjin in bedriuw dat him fjoerwapens oanbiedt fia de faks. Woansdei krige Marinus in faks fan it feilingbedriuw DAAN Auctions út Uithoorn.

Dit bedriuw ferkeapet opkocht boelguod út fallite bedriuwen. Dizze kear makken se reklame foar twa gewearen en ien pistoal, ynklusyf munysje en fergunnings. It bedriuw DAAN dat de faksen yn opdracht ferstjoerd hat, seit dat der in grutte fout makke is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)