Algra mooglik yn Twadde Keamer

Rendert Algra no earste reserve
De Twadde Keamer lonket wer foar CDA'er Rendert Algra fan Jobbegea. As keamerlid Wim van de Camp yn juny nei de Europeeske ferkiezings oerstapt nei it Europeesk Parlemint, is Algra de earste kandidaat om him op te folgjen.
Algra hat fan 2002 oant 2006 earder foar de Kristen-Demokraten yn de Twadde Keamer sitten, mar foel as nûmer 54 op de lêste kandidatelist bûten de boat. Earder fan 'e wike waard yn Den Haach al de nûmer 53 fan de CDA-list beëdige as nij keamerlid.