Minder jild foar Fryslân

Advys: jou Fryslân 12,8 miljoen minder
Fryslân krijt 12,8 miljoen euro minder fan it Ryk. Dat stiet yn in advys dat de regearing tongersdei krijt fan de Raad voor de Financiële Verhoudingen. Dy Ried hat útrekkene dat it Ryk sawat 600 miljoen besparje kin op it jild dat nei de provinsjes ta giet.
De finansjele reserves fan de provinsjes binne troch ferskillende oarsaken oprûn nei hast fiif miljard euro. Dat komt ûnder oare om't se mear barre út de opsinten op de motorrydtúchbelesting.