Wykpanel Aldlân wol prate

© Omrop Fryslân
It wykpanel fan Aldlân yn Ljouwert wol dochs wer graach prate mei de gemeente. De gemeente hat it oerlis mei it wykpanel ferline wike opsein, omdat it net goed funksjonearre. Dat kaam omdat de leden yn twa groepen tsjinoer elkoar stiene en gjin fertrouwen ynelkoar hiene.
Yn in brief oan boargemaster en wethâlders skriuwt it wykpanel no dat it bestjoer opskjinne is en dat der in nije koers ynset is.