Jild foar kowerêsthûs

Partij voor de Dieren stipet kowerêsthûs
Fraksjefoarsitter Marianne Thieme fan de Partij voor de Dieren en Karin Soeters fan de nije omropferiening Piep! hawwe woansdeitemiddei Bert Hollander fan it rêsthûs foar âlde kij yn Sânhuzen bliid makke.
Hollander fersoarget sa'n 40 âlde ôftanke kij en hat it finansjeel swier. Want bisten fesoargje kostet jild. Thieme en Soeters skonken Hollander in pear tûzen euro.