Keamer tsjin stop ielfangst

© Omrop Fryslân
In mearderheid yn de Twadde Keamer hat muoite mei it plan fan minister Gerda Verburg (LNV) om de fangst fan iel yn oktober stop te setten.
Foar ielfiskers is dat in topmoanne. It alternative plan fan de ielfiskers om sels iel wer oer de dyk te setten kin wol op sympaty rekkenje by de measte partijen. Verburg woe earder de fangst yn septimber en oktober ferbiede. As fiskers ree binne om sels jonge iel út te setten kin septimber ferfalle, seit Verburg.