Gjin fertrouwen yn wethâlder

18 mrt 2009 - 20:42

De fraksjeleden en it bestjoer fan 'Ons Belang' op Skiermûntseach hawwe it fertrouwen yn har wethâlder Korendijk opsein. Se ferskille te faak fan miening oer wichtige saken.

De aksje fan Ons Belang hoecht lykwols net op in krisis út te rinnen. Der sitte trije lokale partijen yn de ried en as Korendijk de stipe krijt fan de twa oare partijen is der neat oan de hân en kin hy gewoan sitten bliuwe as wethâlder.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)