Mear meldings diskriminaasje

18 mrt 2009 - 17:10

Tûmba hat ferline jier mear meldings krigen fan diskriminaasje. Yn 2007 wiene dat 146 en yn 2008 wiene it 173. In taname fan sa'n 20 persint. Neffens it antydiskriminaasjeburo komt dat troch de spesjale kampanje om de bekendheid fan it meldpunt te fergrutsjen.

Der wurdt it meast diskriminearre op hûdskleur en ôfkomst. Ek wurdt diskriminearre op leeftyd en seksuele foarkar. Diskriminaasje komt it faakst foar op it wurk en op strjitte.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)