Bern plantsje beammen

Yn Beetstersweach planten bern ek beammen
Woansdei wie it nasjonale beamfeestdei. Skoalbern ha yn it ramt fan dizze lanlike dei rûnom yn de provinsje beammen plante.
Yn Beetstersweach is yn de tún achter it gemeentehûs by de Notariskoepel it startskot jûn foar it herstellen fan it âlde hôf. Yn oanwêzichheid fan wethâlder Wietze Kooistra fan Opsterlân waard in tal âlde fruitrassen plante, lykas in notaris-appelbeam.