Aktes op ynternet te besjen

18 mrt 2009 - 14:33

De aktes fan bertes, houliken en ferstjerren fan in grut tal Fryske gemeenten binne fan nije wike ôf te finen op ynternet.

Op de site www.allefriezen.nl wurde de argiven fan 15 gemeenten keppele oan de bestannen fan Tresoar. It giet om akten útjûn tusken 1811 en 1942. Letter wurdt dy perioade útwreide. Ek oare Fryske gemeenten sille letter dit jier meidwaan. Minsken kinne sa thús genealogysk ûndersyk dwaan. Kosten fan it projekt binne in heal miljoen euro.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)