Offaloven mei boud wurde

De fergunning foar de ôffaloven wurdt net skrast
De miljeufergunning foar de ôffaloven yn Harns is net skrast. Dat betsjut dat de bou fan de reststoffesintrale tongersdei begjint. De Stichting Afvaloven Nee en de Waadferiening hiene de Ried fan Steate fersocht om de miljeufergunning te skrassen. De provinsje hat dy fergunning ôfjûn.
De tsjinstanners fan de sintrale meitsje har soargen oer de gefolgen foar de sûnens en foar it miljeu. De sintrale komt achter de dyk by de Waadsee yn Harns.