Oostergo hâldt jild oer

Oostergo hat jild oerhâlden
Wurkfoarsjenning Oostergo hat ferline jier twa ton oerhâlden op de begrutting. Dat is folle mear as dêr't op rekkene wie. Neffens de direksje komt dat troch de nije koers fan it bedriuw. It bedriuw detasjearret mear as de helte fan syn wurknimmers by oare bedriuwen en hat se net sels oan it wurk. Dat systeem wurket goed.
Oostergo makket him gjin grutte soargen oer de ekonomyske krisis. It bedriuw hat foaral klanten yn de fiedingsyndustry.