Skier net mear sûnder stroom

18 mrt 2009 - 10:01

Netbehearder Leander sil tenei fuort needaggregaten nei Skiermûntseach stjoere as dêr de stroom útfalt. Dat hat Leander ôfpraat mei de gemeente.

Ferline wike foel nei in brân yn in transformatorhúske by Eanjum de stroom út op it eilân. It duorre hast in dei foardat de spanning werom wie. Leander bringt de stroomfoarsjenning foar it eilân op in oar plak ûnder sadat dy by in nije brân net op nij útfalle kin.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)