K'tille wol nij doarpshûs

© Omrop Fryslân
Koatstertille wol in folslein nij doarpshûs bouwe. It nije doarpshûs soe op it plak komme moatte fan it hjoeddeistige doarpshûs Tillehûs.
In spesjale wurkgroep hat de ôfrûne tiid ûndersyk dien nei de takomst fan it doarpshûs nei't de gemeente renovaasje fan it gebou ofkârd hie. It nije doarpshûs moat in multyfunskjoneel sintrum wurde mei ûnder oare in sportseal, in biblioteek en berne-opfang en mooglik de húsdokter.