Staazje bûtenlânske trainers

18 mrt 2009 - 09:36

Twa Súd-Afrikaanske fuotbaltrainers rinne ein dizze moanne in wike staazje by de Ljouwerter fuotbalklup Blau-Wyt. De trainers út Beaufort West sjogge ek by de bestjoerders en de jeugdoplieding. Ek rinne se ien dei mei by Cambuur.

De trainers wolle mei de kennis dy't se yn Ljouwert opdogge it fuotbaljen promoate yn de townships, de achterstânswiken. It fuotbal kin helpe bettere libbensomstannichheden te kreëarjen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)