Fries by bêste sekretaresses

© Omrop Fryslân
Direksjesekretaresse Hilly_van_Wieren fan Bibliotheekservice Fryslân kin sekretaresse fan it jier wurde. Se is ien fan de tsien nominearren foar de lanlike priis. Se makket kâns op in grutte reis en in djoer pak. Op 26 maart wurdt bekend makke wa´t nei de finale giet.
De finalisten meie oant 15 april kampanje fiere foar harsels en foar it sekretaressefak. Elk kin fia de webside www.secretaressevanhetjaar.nl stimme op syn of har favoryt.