Protestliet tsjin skiednisboek

Makkumers sjonge liet tsjin plan gemeente foar in skiednisboek
In groep Makkumers hat in protestliet makke tsjin in skiednisboek. De gemeente Wûnseradiel hat it plan om sa'n boek oer de gemeente skriuwe te litten. It boek soe 100.000 euro kostje en de Makkumers fine dat jildfergriemerij.
Under de namme Grote Smurf Theunis en de Wûnseradiel Smurfjes hawwe se in ferske makke. Dêryn stekke se de draak mei de gemeentlike plannen. Sneon nimme se op it plein yn Makkum ek noch in fideoklip op.