Klachtemeldpunt Wmo

© Omrop Fryslân
Wenje jo yn Damwâld of yn Dokkum en ha jo klachten oer de saken dy´t falle ûnder de Wet maatskiplike ondersteuning? Dan kinne jo fan 1 april ôf telâne by in klachtemeldpunt. Dantumadiel en Dongeradiel dogge dêr in proef mei.
It meldpunt wurdt ûnderbrocht by Zorgbelang Fryslân. Minsken dy´t bygelyks problemen ha mei oanpast wenjen, taksyferfier of húshâldlike tsjinst kinne it nûmer fan Zorgbelang skilje.