Spoeddebat gas- en sâltwinning

Vermilion wol nije put by Achlum
In mearderheid fan de Twadde Keamer wol woansdei in stokje strike foar nije sâltwinning yn Noardwest Fryslân. Minister fan Ekonomyske Saken Maria vd Hoeven moat har dan yn in spoeddebat ferantwurdzje foar har foarnimmen nije sâltwinning ta te stean. VVD´er Halbe_Zijlstra krijt stipe fan CDA, PvdA en SP foar in moasje om dat te kearen.
Ferline simmer waard de gaswinning stopset omdat de grûndelgong by Frjentsjer folle hurder gie as ferwachte.