Ferset tsjin sluting B'post

© Omrop Fryslân
De Federaasje Pleatselik Belangen yn Achtkarspelen is fûl tsjin de sluting fan it plysjeburo yn Bûtenpost. De doarpefederaasje fynt dat de boargers net de dupe hoege te wurden fan de ûnferantwurde nijbou fan buro's op oare plakken yn Fryslân. It wiist op de gefolgen foar de helpferliening.
Neffens de Federaasje blykt no al dat de oanrydtiden by grut alarm tige krap binne. Nei de sluting fan Bûtenpost sil dat hielendal ûnakseptabel wêze, sa stelt de Federaasje.