1200 ljipaaien fûn oant no ta

De teller stiet op dizze website
Der binne yn Fryslân sawat 1200 ljipaaien fûn. De offisjele teller stiet no op 1179 registrearre aaien, en dat betsjut dat der noch 5252 aaien meinommen wurde meie.
Aaisikers kinne op de website www.ljipaaisykjen.nl besjen hoefolle aaien as der krekt meinommen binne en hoefolle noch socht en meinommen wurde meie. De gegevens binne net tagonklik foar eltsenien. Je moatte je oanmelde en ynlogge mei in koade om tagong te hawwen ta de gegevens.