Jong Hearrenfean wint fan Ajax

16 mrt 2009 - 21:21

Jong Hearrenfean soarge moandeitejûn foar in stunt troch yn Amsterdam mei 3-2 fan koprinner jong Ajax te winnen. Yn de earste helte like it hiel oars te gean. Jong Ajax kaam troch Kennedy Bakircioglu en Javier Martina op in 2-0 foarsprong.

Yn de twadde helte setten de Feansters de wedstriid op ´e kop. Ajax krige gjin kânsen mear, wylst Elyounoussi, Ingelsten en Kalou mei treffers foar jong Hearrenfean de winst ynhellen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)