Berber-aksje noch gjin súkses

16 mrt 2009 - 17:02

De aksje fan 20 Fryske Berbers tsjin it Marokkaanske regear rint op neat út. Tweintich froulju mei de foarnamme Berber hiene minister Verhagen fan Bûtenlânske saken frege om de Marrokaanske ambassadeur in tik op de fingers te jaan. De Berbers binne in wichtige befolkingsgroep yn Marokko, mar se meie harren bern gjin Berberske foarnamme jaan fan it regear dêr.

Ek net as se yn Nederlân wenje; de Marokkaanske ambassade wegeret om net-Arabyske foarnammen yn te skriuwen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)