Net ielfiskje yn oktober

16 mrt 2009 - 12:42
  • It giet min mei de ielstân en dêrom mei yn oktober net fiske wurde.

Minister Verburg fan fiskerij hat besletten dat der yn oktober net fiske wurde mei op iel. Dit omdat it striemin giet mei de ielstân. Foar de ielfiskers leit 700.000 euro klear as kompinsaasje. De minister woe de ielfiskerij yn earste ynstânsje foar twa moannen stillizze, mar dat wurdt no ien moanne.

De measte Fryske binnenfiskers binne hielendal bliid mei it beslút fan Verburg omdat it harren wol 30 oant 40 persint fan har ynkommen kostje kin.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)