Geert (12) krijt sulveren pols

16 mrt 2009 - 11:26

Geert Dijkstra (12) fan Winsum krijt moandeitemiddei it Sulveren Polske útrikt. De priis is foar bern oant en mei tolve, dy't it earste ljipaai fan Fryslân fine. Geert Dijkstra fûn it aai ôfrûne freed oan 'e ein fan de middei op in stik maislân tusken Winsum en Wjelsryp.

De priis fan it Sulveren Polske is yn 2003 troch it Bûn fan Fryske Fûgelwachten ynsteld en slút oan by de aktiviteiten fan it bûn om de jeugd mear by de natuer te belûken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)