Amazônes lestich fallen

16 mrt 2009 - 10:17

Yn Harns is sneintejûn in groep froulju op hynders lestich fallen troch twa manlju út Tsjom. De froulju rieden op de Ieslumbuorren doe't manlju yn 'e auto besochten de hynders op te jeien. In man (79) stapte út en pakte ien fan de famkes by it ankel.

De amazone joech de man fuortendaliks in klap mei har swipe. In begeliedster fan 'e froulju waard fan 'e fyts lutsen en skopt en slein. De plysje hat de manlju oanhâlden en meinommen nei it plysjeburo.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)