Hertejacht Skylge stillein

Der mei foarearst net mear op de herten jage wurde
De twa lêste herten dy't noch yllegaal op Skylge omrinne, meie pas nei de simmer ôfsketten wurde. Dat seit in wurdfierder fan it ministearje fan lânbou. De fergunning om de bisten te sjitten is ferrûn. Der mei wer jage wurde nei it briedseizoen.
Fierder moat ek it ôfkealjen fan de herten ôfwachte wurde, want der wurdt fan útgien dat beide herten drachtich binne. Ferline jier waarden tsien herten by wize fan 'grap' útset op it eilân.