5000 euro fuort by oerfal

© Omrop Fryslân
By de oerfal fan sneintemoarn op in hoarekagelegenheid oan it Havenpaed yn Sibrandabuorren is mear as 5000 euro bút makke. De eigner woe om healwei seizen mei in maat op hûs oan, mar doe waarden se bedrige troch twa persoanen mei in fjoerwapen. Doe't de oerfallers it jild hiene, binne se útnaaid.
De eigner fan de hoarekagelegenheid hat fuortendaliks de plysje warskôge. Dy hat alle diken fan en nei Sibrandebuorren ôfset, mar de dieders binne net mear fûn.