Tredde WK-goud foar Kramer

16 mrt 2009 - 06:40

Reedrider Sven Kramer hat mei Carl Verheijen en Wouter Olde Heuvel yn Richmond sneintenacht goud wûn op de ploege-achterfolging op it WK ôfstannen. It Nederlânske trijetal wie mei 3.41,26 fierwei de bêste. Sweden waard twadde yn 3.45,73 en it tredde plak gie nei Amearika yn 3.46,07.

De race gie oer acht ronden. Mei de oerwinning yn de ploege-achterfolging helle Sven Kramer syn tredde gouden plak binnen. Op de 5 en 10 km wie Kramer ek al de bêste yn Vancouver.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)