Dronken frou oanholden

15 mrt 2009 - 15:18

De plysje hat yn de nacht fan sneon op snein in frou (40) út Ljouwert oanhâlden dy't slingerjend en mei in stadige snelheid oer de A32 by Grou ried. Neidat de frou in blaastest ûndergie, moast se mei nei it plysjeburo.

Dêr wegere se mei te wurkjen oan in azemanalyze en in bloedproef. Uteinlik moast de frou yn it plysjeburo bliuwe. It die dêrneist bliken dat har rydbewiis net mear jildich wie. De frou sels ûntkent dat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)