Tineke Hettinga winner mennen

15 mrt 2009 - 14:28

It Frysk Hynstestamboek organisearre sneon yn maneezje Caprilli yn Sonnegea de finales fan de yndoarkompetysje mennen en dressuer Fryske hynders. By it mennen waard Tineke Hettinga fan Furdgum mei Hotske dúdlik winner en wûn dêrmei de beker 'De tinnen menner'. Sy is lid fan de menferiening 'De Friese Aanspanning'.

By de dressuer gong 'De Sulveren Swipe' nei Judith Pietersen-Kop mei Jansen Nobby Beart. Sy is lid fan LR Friso yn Dokkum

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)