Wieb Rodenhuis nei PKC '83

15 mrt 2009 - 14:14

Trainer Wieb Rodenhuis wurdt yn it nije seizoen de haadtrainer by sneonshaadklasser PKC '83 út Grins. Rodenhuis hat in kontrakt tekene foar ien jier. De trainer út Britsum is no coach fan sneinshaadklasser De Jouwer.

Hy hat twa jier haadtrainer west by De Jouwer. De spilers Peter van der Slot, Shutlan Axwijk en Robert Winter fan De Jouwer spylje kommend seizoen ek foar PKC '83. Gerrie Schouwenaar is kommend seizoen de nije trainer fan De Jouwer.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)