Foarstel bydrage Fûgelhelling

15 mrt 2009 - 12:35
  • Der komme faak skoalbern by de Fûgelhelling

De gemeenteried fan Opsterlân beslút 6 april oft de jierlikse subsydzje fan goed 17.000 euro oan De Fûgelhelling yn Oerterp trochgiet. It kolleezje fan B&W wol de subsydzje jaan, ûnder oare omdat der faak skoalbern hinne gean foar natuerlessen.

Fierder wurkje der in soad minsken dy't oars gjin bezichheid ha, lykas handikapten en minsken mei in taakstraf. Moandei oer in wike jout de ried syn earste miening. Op 6 april wurdt it definitive beslút ferwachte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)