Johnny Tuinstra wint C-finale

14 mrt 2009 - 23:08

Johnny Tuinstra hat sneontejûn op iisbaan De Smelt fan Assen by de wrâldkampioenskippen iisspeedway de C-finale wûn. In wike earder die de koereur fan Tsjummmearum dat ek al yn Berlyn. Tuinstra kaam stroef op gong, mar helle wol genôch punten. Mei de winst pakte hy tsien punten foar it klassemint. Hy is no fjirtjinde.

De grutte A-finale waard wûn troch de Rus Nikolaj Krasnikov, de regearend wrâldkampioen. Hy hat noch gjin finale ferlern en kin net mear ynhelle wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)