Musicalworkshops foar bern

14 mrt 2009 - 17:21

Fryske bern kinne sûnt dizze wike musicalworkshops folgje. Se leare dêr de basis fan it sjongen, aktearjen en dûnsjen. Yn it Westen fan it lân wurde dizze lessen al lang oanbean, mar fan no oan kinne bern ek harren talint ûntdekke yn Ljouwert, Goutum, Drachten en Stiens. Sa'n 35 bern dogge oant no ta mei oan de workshops. Mochten der in protte potinsjele Danny de Munks of Chantal Janzens tusken sitte, dan sil der in talinteklasse foarme wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)