Harkemase Boys ferlieze
Koprinner Harkemase Boys ferlear sneon ferrassend yn Rijssen mei 1-0 fan Excelsior'31. De Harekiten kamen yn de earste helte op in 1-0 efterstân.
Yn de twadde helte wie de ploech út De Harkema wol sterker, mar de lykmakker kaam net op it skoareboerd. Troch it ferlies fan de nûmer twa, HHC, bliuwt Harkemase Boys koprinner.